dat wat sjochst is yn flek,
dat is de wrâld.
sa os achter it lûd de stilte sit,
os wyt doek efter ferve,
leit de wirklikheid efter de wrâld.
troch yn skuor die’t begint fanút in kasyn,
nei de roane fan it lân die de golven beklimme sille
troch in slop spannen stieltriid
as it bantsje fan har himd
de griene feech,
wer boppe
nei de formule,
wynmûnen it wetter foarút trieuwe sille
stap ik d’r trochhinne.
en dan allinich noch fleainee
en sjen nei de leafde
fanôf de oare side fan it raam
~ Gido Lahuis, oktober 2016 ~






